Mantgum 2 peloters ferlieze

It drige al in bytsje doe’t we útein setten en de driging wurde ek noch wier. En net allinne om’t it reinde dat it miigde mar ek om’t de mannen fan Jellum Bears in maat te grut wiene foar de peloters fan Mantgum 2.

Run bij Jellum Bears suver elke slach, by de Mantgummers ûntbruts it oan ynspiraasje like it wol. Allinne ynfaller Jan Reitsma koe in earst hâlde. Frappant hjiroan wie dat hij dat tefoare ek noch oankundige. “Dan sil ik mar efkes in earst oan de tillegraaf bringe”, sei doe’t der mei syn opslach begon. Mar dat wie dan ek in ienige wapenfeit út dizze hiele partij. Dweiltrochwiet setten we ús in de Wjukken del en der wurde it liif ek noch wiet fan binnen. Oer twa wiken besykje de swangere mannen, sa as op facebook post wurde, it wer.

Geplaatst op 12 May 2012